Sikehûzen noed oer plan Klink

15 sep 2010 - 16:26

Fryske sikehûzen warskôgje foar wachtlisten en ûntslaggen. Dat soe sa wêze kinne as minister Klink fan Folkssûnens syn plannen útfiert om in heal miljard euro te besunigjen. Dat is it bedrach dat de sikehûzen yn Nederlân tefolle útjûn ha.

De rjochter stelde de sikehûzen tiisdei yn it gelyk. Sa'n grutte besuniging op alle sikehûzen soe te grutte gefolgen ha foar de soarch. Mar minister Klink wol syn plannen al trochsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)