Priis foar Ferwerderadiel

15 sep 2010 - 16:17

De gemeente Ferwerderadiel hat woansdei de earste Anita Andriesenpriis wûn. De priis is bedoeld foar it ferbetterjen fan de romtlike kwaliteit. As foarbyld wurdt de werstrukturearing fan Burdaard en de Lytse Buorren yn Marrum neamd. Der wienen 17 ynstjoerings foar de priis.

De yn 2008 ferstoarne deputearre Anita Andriesen makke har sterk foar de kwaliteit fan de iepenbiere romte yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)