Spoarbrêge Akkrum stikken
Der hat woansdeitemiddei twa oeren gjin treinferkear mooglik west tusken Grou en Akkrum. Dat kaam troch in stikkene spoarbrêge. Treinreizgers krigen fan spoarbehearder ProRail it advys om fia Grins te reizgjen.
De treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean koene om goed 16.00 oere wer gewoan ride.