Mulder baas by Kabel Noord

Johan Mulder (59) út Grins is de nije foarsitter fan Kabel Noord. Mulder is yn juny al troch de oandielhâlders beneamd as nije kommissaris. Dêrmei is it tal kommissarissen by Kabel Noord útwreide fan fiif nei seis. Dit is dien om de posysje fan de oare kommissarissen mear lykweardich te meitsjen.
Mulder is op dit momint direkteur fan in glêsfezelnetwurk yn Grins.