Grutte wynmûnen by Ofslútdyk

15 sep 2010 - 14:05

Der soe in groep grutte wynmûnen oan de kust by de Waadsee komme moatte. Dat idee komt fan Yttje Feddes. Sy is ryksadviseur foar it lânskip. Se wie woansdei sprekker yn Jorwert op de dei fan de romtlike kwaliteit.

Yn ruil dêrfoar fynt Feddes dat tal fan lytse mûnen ferdwine moatte. Neffens Feddes past sa'n groep wol by Koarnwertersân. In oare lokaasje soe wêze by de Waadseedyk op de âlde lokaasje fan de yngong fan de Middelsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)