Fryske plysje skoart gemiddeld

15 sep 2010 - 13:32

De plysje Fryslân stiet op it 10e plak as it giet om prestaasjes. Der binne 25 plysjekorpsen yn Nederlân. Seelân stiet boppe-oan. De sifers komme fan de ministearjes fan Ynlânske Saken en Justysje. Mei it tsiende plak skoart de Fryske plysje gemiddeld, mar wol leger as in jier earder.

It Fryske korps docht it goed op it tal allochtoane meiwurkers dat yn tsjinst is. Net goed is it op tiid oanleverjen fan jeugdige fertochten by it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)