Lit'diel sterke partner nedich

15 sep 2010 - 11:50

Littenseradiel moat op syk nei sterke partnergemeenten om yn de takomst ek selstannich fierder te kinnen. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders yn it fisydokumint 2010- 2015 fan de gemeente. Oan dy partnergemeenten soe in part fan it wurk útbestege wurde kinne.

Littenseradiel wol him dêrby benammen rjochtje op Ljouwert en Frjentsjerteradiel en net langer op de âlde gearwurkingsferbannen yn de Súdwesthoeke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)