Mear griene jiskeweinen Omrin

15 sep 2010 - 10:55

Offalferwurker Omrin lit wer fjouwer jiskeweinen op saneamd grien gas ride. It is ûnderdiel fan in grutte omskeakeling fan Omrin om oer te stappen fan disel en benzine nei grien gas.

Yn april hat Omrin yn Ljouwert de earste fjouwer jiskeweinen op grien gas al yn gebrûk naam. No binne frachtweinen besteld foar de gemeenten Boarnsterhim, Frjentsjerteradiel, Harns en Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)