Naaimasines stellen

15 sep 2010 - 09:58

Ut in winkel yn Ljouwert binne tiisdeitenacht nei alle gedachten twa naaimasines stellen. De dieders smieten in stien troch in rút. In tsjûge seach twa minsken by de winkel oan Over de Kelders stean. De plysje trof de fertochten net mear oan. De plysje docht fierder ûndersyk.

By in bedriuw op de Langebuorren yn Stiens is tiisdeitenacht ynbrutsen. De dieders smieten twa bakstiennen troch it rút fan de foardoar. It is ûndúdlik wat stellen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)