Rûnfeartboat loslutsen

14 sep 2010 - 23:52

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat de rûnfeartboat Heffesant loslutsen. De boat waaide tiisdeitejûn om 21.00 oere op in bank, flakby it eilân. Op de Heffesant sieten 100 passazjiers dy't nei Lauwerseach moasten. Om foar te kommen dat de minsken oeren wachtsje moasten op heech wetter, waard in berop dien op de rêdingsboat.

Binnen in healoere lei de Heffesant wer yn djip wetter en koe it skip nei de haven fan Lauwerseach farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)