Ien nûmer foar twa gemeenten
De gearwurking tusken Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel giet stadichoan fierder. Sa sette beide gemeenten op 1 jannewaris út ein mei ien Klant Contact Centrum. Tiisdei waarden de gemeenterieden bypraat yn Surhústerfean. Fan fúzje is gjin sprake, mar de gemeenten sille nau gearwurkje op it mêd fan ûnder oare sosjale saken, feilichheid en sport.
Der wurdt al praat mei de fakbûnen omdat der mooglik minsken dien krije.
Trefwurden:
argyf