Opsletten troch stikkene lift
In stikkene lift yn in flat oan de Mounekamp op 'e Jouwer, hat de ôfrûne fiif dagen in soad oerlêst feroarsake. Yn it gebou wenje senioaren en minsken mei in beheining en de measten koenen de doar net mear út.
Wenningboukorporaasje Accolade bea gjin help. Direkteur Swart is min te sprekken oer dizze flater fan syn bedriuw dy't neffens him feroarsake is troch in kommunikaasjemisferstân. De lift is tiisdei repareard. Der wie in chip stikken.