10.000 besikers Fiskershúske

14 sep 2010 - 20:39

It Fiskershúske hat tiisdei de 10.000e besiker ûntfongen. It echtpear Popke en Anneke Bakkers út Warmond waard mei kofje en gebak ûnthelle. Sy krigen ek noch it boek 'De ramp van Moddergat'. Ferline jier stie de teller twa wike earder op 10.000

De famylje Bakker wie nijsgjirrich nei it Fiskershúske nei't se earder yn it iepenloftmuseum fan Warffum west hiene. De foarâlden fan de man komme oarspronklik út de omkriten fan Moddergat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)