Kleasterkapel mei nije keuken

14 sep 2010 - 17:11

De kleasterkapel yn Sybrandahûs kin wer brûkt wurde. De kapel krige de ôfrûne moannen in nije keuken. De kapel wurdt takom wike snein offisjeel weriepene mei in optreden fan Mariusz.

Yn it seizoen 2008/2009 leine de optredens stil om't der gjin foarsjennings wiene. Doe't der ein 2009 in húske kaam, koe der wer programmeard wurde. Mei de nije keuken is it tsjerkje ek geskikt foar brulloften en partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)