Skier: 30 enerzjysunige wenten

14 sep 2010 - 15:42

Op Skiermûntseach binne tiisdei tritich enerzjysunige wenten feestlik oplevere. De Waadeilannen wolle yn 2020 harren hielendal sels rêde kinne wat enerzjy oanbelanget. Alle wenten binne ûnderwilens ek al ferhierd.

Mei de nije wenten moat der ek in trochstream op gong komme. Sûnt 1994 binne op it eilân gjin huzen mear boud en siet de wenningmerk dêrmei op slot. No mei de nije wenten, kinne bewenners ferhúzje en wer plak meitsje foar nije bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)