'Van de Kolk fûlbekker'

Ad van de Kolk (foto: Omrop Fryslân)
Ald-fraksjefoarsitter Ad van de Kolk makket him skuldich oan fûlbekkerij. Dat seit it Frysk partijbestjoer fan de SP. Steateleden Van de Kolk en Enno Bruinsma betanken as SP-lid en gean fierder ûnder de partijnamme Verenigd Links/Feriene Lofts.
De dissidinten binne lilk dat de SP fan it lanlik partijbestjoer net meidwaan mei oan de riedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. De SP-top fynt no dat Van de Kolk mei modder smyt en de partij ûnterjochte machtsmisbrûk ferwyt.