Agraryske Dagen útsteld
De Agraryske Dagen yn Frjentsjer wurde útsteld fanwege it minne waar. De iepening, woansdeitejûn om njoggen oere, giet net troch om't it ûnferantwurde is de iepeningsakt trochgean te litten.
As it tongersdei better waar is, is de iepening op dy dei. Dat sil dan wêze op it Sjûkelân om njoggen oere.