Oanpak enge stegen Heechterp

14 sep 2010 - 13:30

De gemeente Ljouwert pakt ûnfeilige stegen yn 'e wyk Heechterp-Skieringen oan. Bewenners fan 'e wyk hawwe oanjûn dat se harren dêr net feilich fiele. Dat komt benammen omdat de stegen min ferljochte binne.

De stegen fan guon strjitten binne al mei stekken ôfsletten en de bewenners hawwe in kaai krigen. Dêrneist hinget de gemeente yn in tal stegen noch dizze moanne LED-ferljochting op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)