Meiprate oer sportfjild

Ynwenners fan Snits meie sels bepale hoe't in sportfjild yn 'e wyk derút komt te sjen. Dêrfoar koe stimd wurde op plannen fan fjouwer leveransiers. De gemeente hopet Snitsers sa mear oan it bewegen te krijen en de leefberens yn de wiken te ferbetterjen.
Op kristlike Johannes Post-basisskoalle wiene foto's en plattegrûnen útstald. Jong en âld kaam del om se te sjen. Op 'e webside fan 'e gemeente wurdt bekend makke hokker plannen útfierd wurde.