CDA presintearret Steatelist
De nije kandidatelist fan it CDA foar Provinsjale Steaten is in ôfspegeling fan 'e maatskippij. Dat sei listlûker Galema by de presintaasje fan 'e list. Der stean seis nije nammen op. Dy komme yn 't plak fan Steateleden dy't om persoanlike redenen ophâlde. Gearwurking mei de PVV lykas foar CDA-ers reden wie om út 'e Twadde Keamer te stappen, spilet yn 'e Steaten net mei, seit Galema.
De steateferkiezings binne takom jier op 2 maart.
Trefwurden:
argyf