Gjin stimwizer yn SW-Fryslân

13 sep 2010 - 22:29

De partijen dy't foar de gemeentefúzje binne fan Súdwest-Fryslân, binne benaud foar in stimwizer. Dy jout te folle iepenheid, seit foarsitter Durk Stoker fan de FNP. Hy reagearret dêrmei op it net trochgean fan it helpmiddel foar de ferkiezings op 24 novimber yn de nije gemeente.

Neffen Stoker soene foaral de grutte partijen CDA, VVD en PvdA tsjin wêze. Der is net oer stimd, mar der is in beslút oer naam troch de fraksjefoarsitters yn de 5 gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)