Foet oanspield op Skylge

13 sep 2010 - 21:48

Op it Noardseestrân fan Skylge is sneon in foet fûn. De foet is yn fiergeande steat fan ûntbining. De KLPD besiket mei help fan it lanlik buro Fermiste Persoanen út te finen fan wa't de foet is. Dêrby wurdt ek sjoen nei fermisten út oare lannen oan de Noardsee.

Kuierders seagen op it strân by Easterein in sok lizzen mei bonken deryn. De Plysje Fryslân hat de saak oerdroegen oan it Korps Landelijke Politiediensten (KLPD).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)