Advokaten leare Frysk

13 sep 2010 - 21:25

Tsien juristen binne slagge foar de earste kursus 'Frysk foar abbekaten" fan de Afûk. Ferstean slagget de measten wol, mar mei de kursus kinne de advokaten ek Frysk prate en skriuwe. Fansels leit de klam op it juridysk taalgebrûk.

De Ried fan tafersjoch yn it arrondissemint Ljouwert hat de kursus mei de Afûk opset. De ried fynt dat advokaten dy't yn Fryslân wurkje op syn minst in bytsje Frysk prate kinne moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)