Twadde winst Jong Hearrenfean

Tarik Elyoounoussi
Jong Hearrenfean/Emmen hat yn Almelo de twadde oerwinning fan de kompetysje helle. Jong Heracles waard mei 2-1 ferslein. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. Tarik Elyounoussi en Bjorn Jonsson soargen foar in 2-0 Feanster foarsprong. Daliks dêrnei krige Philip Haglund de reade kaart om't er neitrape. Krekt foar it skoft makke de thúsploech de 1-2 troch âld-Hearrenfean spiler Armenteros.
Nei de tee kânsen foar beide ploegen, mar de stân soe net mear feroarje.