Frysk dwerchpappegaaike moaist

De moaiste agapornis rosseicollie fan Europa sit yn in foljêre yn Hallum. Dat dwerchpappegaaike is fan Yne Peter Terpstra. Snein fersloech de agapornis yn Aalst, België, tûzenen konkurrearjende fûgels. Dat wie gjin tafalstreffer want yn 2007 hie Terpstra ek al de moaiste pappegaai fan Europa.
Oer fjirtjin dagen sil Terpstra syn fûgels op 'e nij sjowe, dan yn Bussum.