'SP'ers moatte sit weromjaan'

13 sep 2010 - 16:10

De SP'ers Ad van de Kolk en Enno Bruinsma moatte har sit yn Provinsjale Steaten opsizze, fynt it iennichst oerbleaune SP-Steatelid Jacob van der Hoek. Van de Kolk en Bruinsma stappe út de SP, mar wolle tegearre fierder yn 'e steaten ûnder de namme Verenigd Links/Feriene Lofts.

It fjirde lid Richard Klerks hat syn sit ferline wike al beskikber steld. De krisis yn de SP set him dêrmei fierder troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)