Joadsk monumint yn Snits
Opperrabbyn Binyomin Jacobs hat moandeitemiddei yn it boargemaster De Hoop-park yn Snits in nij joadsk monumint ûntbleate. It keunstwurk is makke troch byldzjend keunstner Dirk Hakze, yn opdracht fan de gemeente.
It byld is bedoeld ta neitins en earbetoan oan de eardere joadske mienskip yn Snits.