'Guozzebelied net feroarje'

Deputearre Konst sjocht neat yn de foarstellen fan it Lândbou Ekonomysk Ynstitút en ûndersyksburo CLM oer it guozzebehear. Neffens har moat it besteande belied fan guozze-gedoochgebieten en de skeafergoedingen oan boeren feroare wurde.
De beide ynstituten hawwe berekkene dat dit belied de oerheid de kommende jierren hieltyd mear jild kostet, fan 17 miljoen euro no oant 29 miljoen yn 2014. It soe goedkeaper wêze om de guozzen oeral ta te litten.