SP-steatefraksje falt útelkoar

13 sep 2010 - 12:01

De fjouwerkoppige SP-fraksje yn Provinsjale Steaten falt útelkoar. Fraksjefoarsitter Ad van de Kolk en steatelid Enno Bruinsma hawwe har lidmaatskip fan de SP opsein en geane tegearre fierder. Allinnich Jacob van der Hoek bliuwt foar de SP sitten. Richard Klerks ferlit de steaten.

De beide manlju kinne net libje mei it beslút fan it lanlike partijbestjoer om de SP net meidwaan te litten by de gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest Fryslân, yn novimber fan dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)