Hoanne fan Grouster toer tild

Foto: Alex Zwart
De Frisia-flagge dy't mei it doarpsfeest yn Grou op de toer fan de Sint Pitertsjerke hong, hat de hoanne fan syn stok tild. De flagge wie om de hoanne wuolle. Nei in flinke wynpust tilde de flagge de 10 kilo swiere hoanne fan 't plak, wêrnei't dy op gefaarlike wize yn de flagge hingjen bleau.
Twa tsjûgen binne it dak op klommen en hawwe de hoanne nei binnen helle. Dy wurdt letter wer teplak set.