Seis CDA'ers net werom yn PS

13 sep 2010 - 11:19

Seis fan de tolve steateleden fan it CDA hâlde nei de provinsjale ferkiezings yn maart takom jier op. It ophâlden fan fraksjefoarsitter Ad van der Ham wie al bekend. Hy hat der trije perioaden fan fjouwer jier opsitten. Dat is de maksimale termyn yn it CDA. Neist Van der Ham hâlde ek Jan From, Nynke Zijlstra, Corrie Hartholt, Bert Nijboer en Esther Keizer út eigen beweging op.

Tiisdei makket it CDA de definitive list foar de steateferkiezings bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)