Rydbewizen drankriders ynnaam
De plysje hat sneintejûn twa rydbewizen fan drankriders yn beslach naam. It giet om in 20-jierrige automobilist út Grou en in 63-jierrige Ljouwerter. De man út Grou stie mei skea oan de auto oan de kant fan de Julianaleane yn Ljouwert en waard meinaam nei it plysjeburo.
Itselde oerkaam de 63-jierrige Ljouwerter. Ek hy hie tefolle drank op. Beide mannen moatte ek meidwaan oan in kursus fan it CBR.
Trefwurden:
argyf