SCO wint derby fan LDODK

12 sep 2010 - 17:38

SCO hat de Fryske twastriid yn de kuorbalhaadklasse wûn fan LDODK. Yn in spannende wedstriid wûn SCO lang om let mar krekt mei 14-13. SCO hat no trije punten út twa wedstriden. LDODK wûn ferline wike wol en stiet no dield fjirde. De Tsjechyske spiler Roman Veznik makke de winnende treffer.

Koprinner yn de haadklasse B is Mid-Fryslân. It kombinaasjeteam út Grou en Reduzum wûn mei 20-16 fan DSC. Dêrmei is Mid-Fryslân koprinner tegearre mei AKC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)