Fryske haadklassers ferlieze

12 sep 2010 - 17:13

De twa Fryske haadklassers hawwe sneintemiddei alle twa harren wedstriid ferlern. FVC ferlear ferline wike fan WKE; no ferlearen se fan de oare kampioenskandidaat HSC '21. Foar en nei rêst brochten Willens en Penterman de einstân op 2-0.

Snits Wyt Swart ferlear yn Meppel mei 4-2 fan MSC. Klaas Schotanus brocht Snits noch op 1-0. De rêststân wie noch 1-1, mar dêrnei rûn MSC út nei 4-1. Elwin Kloosterman brocht de einstân op 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)