Soargen by hegeskoallen

12 sep 2010 - 16:18

De hegeskoallen yn Ljouwert driigje in grut tal studinten te ferliezen troch de nije finansieringsregels. Neffens dy nije regels moatte studinten in twadde stúdzje folslein út eigen bûse betelje. Dat betsjut dat minsken dy't earder in oare stúdzje diene en no opnij studearje wolle fjouwer oant fiif kear sa djoer út binne.

In oplieding kostet dan al gau 5.000 oant 6.000 euro. En dat is neffens de hegeskoallen foar in soad minsken fierstente folle. Dy heakje dan ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)