Fjochtpartij op Ruterskertier

De plysje hat sneintemoarn betiid op it Ruterskertier twa Ljouwerters (18 en 20) oanhâlden foar mishanneling. De Ljouwerters wiene belutsen by in fjochtpartij, dêr't in 20-jierrige Ljouwerter in brutsen noas en kniisde nekwervels oan oerhâlde.
De plysje wie net by de fjochtpartij, mar koe op grûn fan ferklearrings fan tsjûgen en kamerabylden opmeitsje dat de twa Ljouwerters mei de fjochtpartij begûn wiene. De oanlieding fan de fjochterij wie in âld konflikt.