'Ophinging' yn 'e Prinsetún

12 sep 2010 - 15:04

In lytse hûndert taskôgers wiene sneintemiddei tsjûge fan in âlderwetske ophinging yn de Prinsetún yn Ljouwert. De ophinging wie ûnderdiel fan it 10-jierrich jubileum fan histoaryske feriening Aed Levwerd.

Toanielselskip Ratatouille spile in berjochting nei fan in Dokkumer dy't syn frou fermoarde hie. Yn it ferhaal wurdt útlein hoe't de Ljouwerters eartiids oan de skelnamme galgelappers kamen. De galge dêr't de man oan ophongen waard wie eins te gammel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)