Brûns Llargues op EK keatsen

De manljusploech hat op it Europeesk Kampioenskip keatsen yn it Spaanske Valencia in brûnzen medalje helle op it ûnderdiel Llargues. Yn de striid om it tredde plak wûn it Nederlânske team mei 7-0 fan Italië. Op it sintrale plein yn Valencia seagen 2500 taskôgger hoe't België de finale wûn fan Spanje.
Foar Nederlân keatsten Meekma, Hiemstra, Feenstra, Boersma en Van der Meulen, dy't healweis ferfongen waard troch Hendrik Tolsma.