Snitsers pakt nei fernielings

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein fjouwer manlju oanhâlden op fertinking fan fandalisme. In tsjûge melde de plysje sneintemoarn betiid dat er seach dat de manlju autoruten fernielden. Mei help fan oanwizings fan de tsjûge koene de manlju justjes letter oanhâlden wurde.
It gie om trije Snitsers fan 16, 21 en 22 jier en om in man út Balk fan 23 jier. De manlju waarden oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.