Winst en kopposysje Cambuur

SC Cambuur hat troch in 2-1 oerwinning op Go Ahead Eagles de koppoysje ynnaam yn de Earste Divyzje. Yn Deventer kamen de Ljouwerters nei tsien minuten mei 1-0 foar troch Koç.
De Eagles setten benammen de twadde helte in soad druk op de Cambuurgoal. Hese krige yn de 85e minút read. Trije minuten spile ek Go Ahead mei tsien man troch in reade kaart foar Bus. Yn blessueretiid makke Reza 2-0. In minút letter skoarde Van Beukering 2-1, mar gau dêrnei wie de wedstriid dien.