Ynbrekker naait út mei laptop

In frou (20) fan de Egelantierstrjitte yn Ljouwert waard sneintemoarn om kertier foar seizen wekker fan in ynbrekker. De man stie yn har sliepkeamer mei har laptop yn 'e hannen. De frou besocht de man tsjin te hâlden troch oan syn jas te hingjen.
Se koe likegoed net foarkomme dat de man mei har laptop op 'e fyts útnaaide. De frou hat oanjefte dien by de plysje. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de stellerij.