Grutte plannen foar Bakkefean

12 sep 2010 - 13:11

Bakkefean wol miljoenen ynvestearje yn ambisjeus doarpsfernijingsplan Dúnsân. It giet om in plan mei romte foar in brede skoalle, sport-, rekreative en oare foarsjennings, natoer en wenten.

Doel is om it gebiet tusken sintrum en swimbad Dúndelle multyfunksjoneel yn te rjochtsjen troch alle fasiliteiten fan it doarp dêr ûnder te bringen. De skoalle en de sporthal steane al op it terrein, mar de beide gebouwen binne net mear by de tiid en moatte op termyn ferfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)