Houdini-akt SC Hearrenfean

11 sep 2010 - 23:00

Yn in knotsgekke slotfaze hat Hearrenfean mei 2-1 wûn fan Vitesse.

Yn in minne earste helte diene beide ploegen net in soad foar mekoar ûnder. Allinnich Assaidi wie mei in skot tichtby in treffer. Doe't Bas Dost yn de 66ste minút in grutte kâns miste en gelyk dêrnei de 0-1 fûl fan Davy Pröpper joegen de measte taskôgers net in sint mear foar Hearrenfean. Mar Beerens út in strafskop en Assaidi yn 'e allerlêste sekonde soargen dochs foar winst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)