Oranje mei beheining 2e op WK
It Nederlânsk id-alvetal is lykas it grutte Oranje twadde wurden op it WK yn Súd-Afrika. De letters 'id' steane foar intelligence disorder. Yn de finale waard mei 1-0 ferlern fan Saûdy-Arabië. By Oranje spilen twa Ljouwerter jonges mei, de bruorren Ashley en Joel Constansia.
Yn de heale finale wûn it Nederlânsk id-alvetal noch mei 6-2 fan Portugal. Mar yn in spannende finale wiene se net by machte om fan de Arabieren te winnen.
Trefwurden:
argyf