Wagenaar-en-dy winne Marsum

Afke Hylkema nei har alderlêste wedstriid yn Marsum
De lêste keatspartij fan de froulju, de útnoegingspartij yn Marsum, stie folslein yn it teken fan it ôfskie fan Afke Hijlkema. Nei meer as 200 oerwinningen en 60 keningstitels naam Hijlkema ôfskie fan har aktive keatskarriêre.
De wedstriid waard wûn troch de bylotte Lisette Wagenaar, ynfalster Jindra ten Cate en Fenna Zeinstra. Yn in iensydige finale wûnen sy maklik fan Linda Terpstra, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma.