Plysje pakt fertochte Snitser
In 28-jierrige Snitser is freedtenacht op de Harnzertrekwei yn Ljouwert oanhâlden. De man hie allerhanne ynbrekkersark en in navigaasjesysteem foar in boat yn de auto lizzen.
De plysje tinkt dat de spullen stellen binne en hat de auto en de spullen yn beslach naam. De Snitser sit noch fêst. In 33-jierrige Ljouwerter dy't by him yn de auto siet is wer frijlitten.