Brommerjonge botst op fytser
In 68-jierrige fytser út Oerterp is freedtemiddei ferwûne rekke doe't hy troch in 16-jierrige brommerrider fan Bakkefean oanriden waard.
De brommerrider helle de fytser op it fytspaad neist de Hegebrechsterloane yn Oerterp yn, doe't in frachtwein harren beiden ynhelle. De fytser skrok dêrfan en stjoerde nei links. De brommerrider koe him net mear ûntwike. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Trefwurden:
argyf