De Vries net tsjin Go Ahead

Sportklup Cambuur moat it snein yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles dwaan sûnder Mark de Vries. De oanfaller hat in blessuere oan de hamstring. Hoelang't de Vries útskeakele is, is noch net dúdlik. Neffens trainer Stanley Menzo falt it ta, mar wurde der gjin risiko's naam.
Ek Sandor van der Heide is der yn Deventer net by. De middenfjilder hat noch altyd lêst fan in blessuere oan de ribben. Serhat Koç is wol ynsetber. Hy hat gjin lêst mear fan de hamstring.