Lekke sâltsoertank Burgum

11 sep 2010 - 08:03

By de elektrisiteitssintrale fan Electrabel yn Burgum is sneontemoarn in lek ûntstien yn in tank mei 6000 liter sâltsoer. Der is sâltsoer yn it Burgumermar telâne kaam, mar dit kin neffens de plysje gjin kwea om't it troch it wetter fertinne wurdt. Brânwachtkorpsen út de wide omkriten kaamen nei de sintrale ta om te assisteren en ha de saak ûnder kontrôle. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Hoe't it kaam dat de tank lek rekke is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)