Untploffing bom neffens plan

It ta ûntploffing bringen fan in âlde bom op de Ljouwerter fleanbasis is freed sûnder problemen ferrûn. It gie om in bom fan 500 pûn út de Twadde Wrâldoarloch dy't yn Ingelân makke is. It projektyl waard fûn by grûnwurk en wie te ynstabyl om nei in oare lokaasje te ferfieren.
Fanwege de ûntploffing wie de dyk tusken Ljouwert en Stiens koarte tiid ôfsletten, omwenners hoegden lykwols net har hûs út. De ûntploffing soarge net foar in soad kabaal.